Friesland Bank krekt gjin 100

02 apr 2012 - 17:19
  • It eardere kantoar fan de Friesland Bank oan it Beursplein

De Friesland Bank soe yn 2013 hûnderd jier bestean. Mar safier komt it net, want de bank wurdt oernaam troch de Rabobank. De Friesland Bank waard yn 1913 oprjochte as Coöperatieve Zuivelbank. Sa bondelje tal fan Fryske suvelkoöperaasjes de krêften om de jildsaken yn eigen hân te hâlden.

De bank is fan it begjin ôf oansletten by de Raiffeisenbank, mar ferbruts dy bân yn 1962. De Raiffeissenbank waard doe de Rabobank. Yn 1970 wurdt de suvelbank de Friesland Bank.

De ôfkoarting Rabo komt fan Raiffeisenbank (Ra) en Boerenleenbank (Bo). De Friesland Bank hat rûnom yn de provinsje filialen. Yn de lêste tsien jier slute derfan hieltiid mear de doarren, mar de bank wreidet de aktiviteiten út oer de rest fan it lân mei ûnder oaren festigings yn Grins en Amsterdam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)