Vreeswijk-cd mei stip omheech

13 jun 2010 - 16:37
  • Cornelis Vreeswijk
  • Piter Willens yn Stockholm (foto: Omrop Fryslân)

Piter Wilkens is mei syn nije cd mei lieten fan Cornelis Vreeswijk yn 'e lanlike album-top-100 fan plak 93 nei 41 klommen. De Fleanende Hollanner kaam út op 2 juny en hy waard mei entûsjasme ûntfongen. Op 'e cd steane tweintich nûmers mei oerset wurk fan Cornelis Vreeswijk dy't in kultheld waard yn Sweden.

Takom hjerst giet Wilkens de Fryske teaters yn mei De Fleanende Hollanner. De Fryske lieten wurde ôfwiksele mei ferskes yn it Sweedsk en Spaansk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)