Warskôging fraude akwisysje

© Omrop Fryslân
Bedriuwen hawwe hieltyd faker te krijen mei akwisysjefraude. Se krije brieven mei fragen om gegevens. Sa kaam der koartlyn in brief mei de fraach in subsydzjenûmmer op te jaan foar de Europeeske Uny. Nei ûndertekening blykt der in kontrakt sletten te wêzen dat al gau trijetûzen euro kostet. It Stipepunt Akwisysjefraude warskôget al in skofke foar sokke fraude. Benammen lytse ûndernimmers sette te gau in hanteken.