Ljouwerter stiensmiter oppakt

13 jun 2010 - 14:33

De plysje hat sneontenacht in 29-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar mishanneling. Hy hie mei trije maten in 30-jierrige plakgenoat bekûgele mei in stien. It slachtoffer koe in goed sinjalemint jaan fan 'e dieders. De plysje trof ien fan 'e stiensmiters oan op de Foarstreek, de rest wie al útnaaid.

Wat de oanlieding wie fan 'e mishanneling is net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)