Jubileum wettersportklup Grou

13 jun 2010 - 13:51
  • foto: Site Grouster Wettersportferiening

De Grouster Wettersportferiening (GWS) fiert dit wykein it 75-jierrich bestean mei in resepsje, toaniel en muzyk. Der is ek in spesjaal boek útkaam. Ien fan 'e anekdoates dêryn is dat in starter troch it syl fan in wedstriidboat sketten hat.

Fierders hawwe skoukes fan 'e GWS yn 1953 by de wettersneedramp yn Seelân meiholpen minsken fan 'e dakken te heljen. It boek is skreaun troch Jan Pieter Rottiné. De GWS begûn yn 1935 mei 45 leden, no binne it 650.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)