Artemisrun: Van Lunzen twadde

13 jun 2010 - 12:55
  • Remon van Lunzen (argyffoto Omrop Fryslân)

Hurdrinner Remon van Lunzen is sneon yn Winsum twadde wurden yn de Artemisrun oer 10 km. De Ljouwerter rûn de ôfstân yn 33.19 minuten. Wim Opten út Súdlaren kaam as earste oer de streek yn 32.46. Der wiene yn Winsum twahûndert dielnimmers.

By de 10 km lange Boereloop yn Abbegea is Willem de Boer fan Eksmoarre twadde wurden. De Zuidvener Jan Scheenstra wûn de Boereloop yn 33.58 minuten. By de froulju wie Anneke de Boer út Nijlân de rapste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)