Protest tsjin fernijde N381

13 jun 2010 - 12:41

By de biologyske kwekerij fan Aat Oosenburg by Donkerbroek is it ôfrûne wykein aksje fierd tsjin de nije dyk fan Drachten nei de Dritske grins. De fernijde N381 komt op goed 200 meter fan syn hiem te lizzen. Oosenbrug kin dan nei eigen sizzen syn bedriuw, de kwekerij en in kamping foar minsken dy't rêst sykje, wol opdoeke.

De provinsje docht ek nochris oan kapitaalferneatiging, om't Oosenburg subsydzje krige hat. Hy fynt dat syn klachten net serieus naam wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)