Soad besikers Fries Museum

13 jun 2010 - 11:42

It Fries Museum yn Ljouwert hat ferline jier goed 65.000 besikers hân. Dat binne 7.000 mear as yn 2008. De measten kamen nei in tentoanstelling mei quilts, mar ek in útstalling fanwege it 100-jierrich bestean fan de Alvestedetocht luts flink wat minsken.

Mei de 65.000 besikers hat it Fries Museum it op ien nei bêste jier yn syn bestean draaid. Allinne by it 125-jierrich jubileum yn 2006 kamen der mear minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)