Syktocht nei surfer

13 jun 2010 - 08:48

De rêdingsboat fan Lauwerseach hat sneon op syk west nei in surfer út Limboarch. Dy wie te surfen op de Lauwersmar, mar moast fanwege in medysk ûndersyk direkt kontakt opnimme mei syn húsarts. Syn famylje slagge der lykwols net yn him te berikken. Dêrom waard de help fan de rêdingsboat ynroppen.

De boat fûn de man úteinlik yn de buert fan de Hoek van Bant by Eanjum. Hy is nei de fêste wâl brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)