Dokk'em Open Air wol groeie

12 jun 2010 - 16:40
  • Foto's: Omrop Fryslân

By Dokkum is dit wykein foar de fyfde kear it Dokk'em Open Air-festival. No't Wâldrock net trochgiet en de gemeente Ljouwert net wol dat der in metalfestival by de Aldehou komt, is dit it iennige festival foar hurdere muzyk yn Fryslân.

Foar it festival by Dokkum binne yn 'e foarferkeap 800 kaarten ferkocht. De organaasje ferwachtet 1500 minsken. Dat betsjut in groei yn ferliking mei de foarige kear. Dokk'em Open Air is ienris yn de twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)