'Dokwurker' wurdt opknapt

12 jun 2010 - 16:07

It houten byld fan de Grinzer keunstner Gert Sennema dat op It Amelân yn Hollum stiet, wurdt opknapt. Doarpsbelang Hollum kocht it byld yn 2008 nei oanlieding fan de keunstmoanne op it eilân. It byld wurdt de kommende seis wiken opknapt en moat dan wer sa'n fyftjin jier mei kinne.

It byld fan Sennema wurdt ek wol de lytse dokwurker of it boechbyld fan Hollum neamd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)