Net goed fan GHB

12 jun 2010 - 16:06

In 18-jierrige man út Sigerswâld is freedtenacht oanhâlden foar drugsbesit. De man waard yn Drachten oantroffen op de krusing fan de Splitting mei de Leidyk en wie net oansprekber. Yn syn bûse waard in fleske mei nei alle gedachten de drug GHB oantroffen en in pear pûdsjes mei wyt poeier. Ut ûndersyk die bliken dat dat amfetamine wie.

De man út Siegerswâld is mei ûnderkuollingferskynsels oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)