Lestige man It Amelân ôfset

Foto: Omrop Fryslân
De plysje op It Amelân hat yn 'e nacht fan freed op sneon in 38-jierrige man út Schaik oanhâlden. De man gedroech him agressyf op in feest op it eilân. Hy woe de feesttinte út troch de needútgong. Doe't befeiligers him dêrop oansprutsen, begûn er te skoppen en te slaan.
De man is troch de plysje oerbrocht nei de fêstewâl. Dêr sit er fêst op in plysjeburo.