Asyl foar kavia's iepene
Yn Bakkefean is sneon in opfang spesjaal foar kavia's iepene. Der sitte op dit stuit sa'n 240 bisten yn it kavia-asyl. De frijwilligers fan 'e ynstelling besykje nije baaskes foar de kjifbisten te finen.
Buertbewenners wiene sneon wolkom om yn 'e kunde te kome mei de nije buorlju fan 'e kavia-opfang.