Miljoeneskeakleem om asbest

It bedriuw dat foar de gemeente Ljouwert ûndersyk dien hat nei asbest yn 'e parkeargaraazje Saailân is ferbjustere oer de skeakleem. Der is folle mear asbest fûn as it buro tocht hie. Neffens de gemeente is dat in grutte misser fan it ûndersyksburo. De gemeente easket no hast trije miljoen euro as skeafergoeding.
Yn it Frysk Deiblêd fan sneon seit de direkteur fan it ûndersyksburo dat er derfan útgie dat mei de gemeente oer de mearkosten te praten wie.