Atsma wol net mei PVV

12 jun 2010 - 11:59

CDA-Keamerlid Joop Atsma fan Surhústerfean sjocht neat yn in kabinet fan VVD, PVV en it CDA. Neffens Atsma lizze de ideeën fan it CDA en de PVV fierste fier útelkoar. Dan giet it benammen om saken lykas yntegraasje en de soarch.

Atsma fynt dat it no oan de winners is hoe't it fierder moat. It CDA moat efkes plaknimme yn 'e wachtkeamer. It hiele ynterview mei Atsma is sneontejûn by de Omrop te sjen yn it programma Simmersneons.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)