Sân auto's yn beslach naam

12 jun 2010 - 10:34

De belestingtsjinst hat freed by in kontrôle op de A7 by Terwispel sân auto's yn beslach naam. Dat waard dien omdat de eigners noch in belestingskuld iepen te stean hiene. Fierders waarden sechtjin bestjoerders trapearre op it privee riden yn in auto fan de saak.

De plysje skreau by de kontrôle 108 bekeurings út. Dy giene ûnder oare nei bestjoerders dy't it rydbewiis net by har hiene, it riden mei glêde bannen en it net hawwen fan in fersekering.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)