Ungelok N381: 3 bern ferwûne

Foto: Remon Koene
By in oanriding op de N381 by Easterwâlde binne freedtejûn trije bern út Emmen ferwûne rekke. Sy sieten yn in auto dy't rekke waard troch in frachtwein dy't in kollega sleepte. De achterste truck wie ûnbestjoerber wurden en triuwde de foarste op 'e linker kant fan 'e wei.
De trije bern binne mei ferwûnings oan de holle en pine yn 'e rêch nei it sikehûs brocht. Twa oare ynsittenden, ek út Emmen, kamen mei de skrik frij. De beide frachtautosjauffeurs ek.