Oargelisten hieltiten âlder

11 jun 2010 - 21:02

Yn Ljouwert wurdt sneon wurke oan mear gearwurking yn de wrâld fan de tsjerke-oargels. Dat moat om de fergrizing ûnder de oargelisten te kearen, want as it sa trochgiet, binne der aanst tsjerketsjinsten sûnder oargelmuzyk.

De Keninklike Feriening fan Oargelisten en Tsjerkemusisy komt sneon by elkoar foar de jiergearkomste yn Ljouwert. Neist mear gearwurking wurde ek tsjerkebestjoeren frege om mear omtinken te jaan oan it probleem.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)