Nije kontenertsjinst H'fean

In kontenerskip. Al sille de skippen nei it Hearrenfean grif in stik lytser wêze.
It Harnzer kontenerferfiersbedriuw HCL set tegearre mei Van der Werff Logistics in kontenertsjinst op fan It Hearrenfean nei Rotterdam. Op it It Hearrenfean wurdt derfoar in terminal boud.
De bedoeling is dat der op jierbasis sa'n seistûzen konteners ferfierd wurde út It Hearrenfean wei. Dat wurdt yn earste ynstânsje dien mei lytse binnenfeartskippen. Foar It Hearrenfean is keazen om't it sintraal yn 'e A7-sône leit.