Nije natoer by Ketlik

11 jun 2010 - 19:31

Fryslân hat der in nij natoergebiet by. It giet om in 32 bunder grut natoergebiet by Ketlik dat freedtemiddei offisjeel iepene is. Der is trije ton euro stutsen yn it gebiet dat de oergong foarmet tusken de bosken fan Oranjewâld en de natoergebieten oan de Tsjonger.

Yn de eardere greiden is ûnder mear nije oanplant setten, binne wetterpartijen groeven en kuierpaden oanlein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)