Soad folk by buertservicepunt

© Omrop Fryslân
Der is in protte belangstelling foar it nije buertservicepunt yn de Vrijheidswyk yn Ljouwert. Der kamen freed tsientallen minsken op de iepening ôf. In buertservicepunt is in plak dêr't elts út'e wyk hinne kin foar fragen op it mêd fan regels, rjochten, plichten, tsjinstferliening en it oanbod fan ferskate ynstânsjes.
Ferskate organisaasjes wurkje gear op dit plak. As it model goed funksjonearret sil besjoen wurde oft der mear servicepunten komme kinne.