Undertitels Hjoed op ynternet

Hjoed wurdt mei yngong fan moandei ûndertitele
It koarte tv-sjoernaal Hjoed, dat alle dagen te sjen is op omropfryslan.nl, wurdt fan moandei 14 juny ôf ûndertitele yn it Nederlânsk. Mei de start fan Simmer yn Fryslân is fan jûns 8 oere ôf de oersetting beskikber. It giet foarearst om in proef dy't bedoeld is foar dôven en minsken dy't net goed hearre kinne.
Fansels kinne ek minsken dy't it Frysk net goed folgje kinne harren foardiel dwaan mei dizze ekstra tsjinst. De proef duorret foarearst oant septimber.