Grûnferkeap Wergea wol net

11 jun 2010 - 14:28

It slagget mar net om de lêste kavels fan it plan Grut Palma yn Wergea kwyt te reitsjen. Fan de 140 kavels is mar in tredde part ferkocht. De lêste twa jier is de ferkeap stil komme te lizzen. Om de ferkeap op gong te bringen, wolle boargemaster en wethâlders fan Boarnsterhim de kavels losser yn de ferkeap sette.

Sa wurde der mear kavels omsetten yn frije kavels en wurde de regels foar de boumaterialen wat mear los litten. Yn 2016 moat alle grûn ferkocht wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)