Olijnsma 4 partijen skorst

11 jun 2010 - 12:05

Keatser Martijn Olijnsma is troch de strafkommisje fan it KNKB foar fjouwer wedstriden skorst. De opslager út Hijum krijt dy straf omdat hy by de frije formaasjeparty op 30 maaie yn Doanjum as earste haadklasse keatser yn 'e histoarje in reade kaart krige. Olijnsma joech de skiedsrjochter oant twa kear ta in triuw en mocht it fjild ferlitte. Olijnsma giet net yn berop.

De skorsing giet yn op 26 juny. Hy mist de frije formaasje partijen fan Berltsum, It Hearrenfean en Harns.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)