Feestwein Blije rydt sleat yn

11 jun 2010 - 11:55
  • De 'sparbaarch' yn de sleat by Blije (foto: Anton Kappers, www.nieuwsuitfriesland.nl)

Op it doarpsfeest fan Blije is freedtemoarn in fersierde wein fol minsken de sleat ynriden. It ûngelok barde om 10 oere hinne op de Boatebuorren. Twa ambulânses en de plysje giene nei it plak ta om te helpen.

De bestjoerder fan 'e trekker wie neffens tsjûgen net goed wurden, wêrtroch er de sleat yn ried. De man waard mei in sike-auto nei it sikehûs brocht. De ynsittenden fan de fersierde wein kamen mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)