Ljouwert op Haachske tram

11 jun 2010 - 11:00
  • De hofstêd Ljouwert-tram rydt in heal jier troch Den Haach en omkriten

Fan dizze wike ôf rydt yn Den Haach seis moanne lang in tram dy't hielendal beplakt is mei sfearbylden fan Ljouwert. It giet om de saneamde Hofstêd-Ljouwert-tram; in ferwizing nei it Nassau-ferline fan Ljouwert. Ljouwert wie hofstêd fan 1584 oant 1784.

Dêr wol de haadstêd fan Fryslân him de kommende jierren mear mei profilearje. De beplakte Ljouwerter tram yn Den Haach moat der foar soargje dat der mear minsken nei Ljouwert komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)