Man rydt mei GHB op sleat yn

In 18-jierrige autobestjoerder fan it Hearrenfean is tongersdeitenacht by Ljouwert oanhâlden troch de plysje. De plysje krige melding fan in auto dy't yn de slip rekke wie en yn de sleat bedarre wie. Ut ûndersyk die bliken dat de Feanster ûnder ynfloed fan drugs wie en ferskynsels fan fergiftiging hie.
De man is nei sikehûs brocht. Dêr waard dúdlik dat de man tefolle GHB brûkt hie. Syn rydbewiis is ôfnaam en der is proses-ferbaal opmakke.