Drachtster oppakt foar klappen

11 jun 2010 - 10:27

In 25-jierrige ynwenner út Drachten is tongersdeitenacht yn in wente oan de Vogelweide oanholden op fertinking fan mishanneling. De Drachtster hie yn de wenning spul krigen mei in 24-jierrige doarpsgenoat.

De plysje krige hjir melding fan en trof de 24-jierrige Drachtster ferwûne oan yn de wenning. It slachtoffer moast him yn it sikehûs behannelje litte oan de holle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)