Scherjon wint yn Winsum

Hannes Scherjon yn aksje (foto: Martin de Jong)
Hannes Scherjon hat yn Winsum syn twadde fierljeptitel wûn. Scherjon ljepte yn de finale nei 19.49 meter. Yn de wedstriid, dy't healwei ûnderbrutsen waard troch in stevige bui, waard Ysbrand Galama twadde mei 19.11. Bart Helmholt waard fyfde.
By de froulju waard it seizoenrekôr twa kear ferbrutsen. Earst troch Anna Jet Leyenaar mei 15.08 en dêrnei troch Hiske Galama mei 15.48. Gregor Boelens wûn by de jonges syn sande wedstriid op rige: 16.02.