Argyfstikken better te finen

10 jun 2010 - 20:11

Minsken dy't witte wolle wat der de lêste 90 jier allegear dien en besluten is yn Achtkarspelen, kinne dat no makliker werom fine.

De gemeente hat in ynventaris fan it argyf meitsje litten, troch in spesjalisearre bedriuw. Dy beskriuwt wat der yn it argyf stiet tusken 1919 en 1983. Yn dy perioade is der in soad feroare yn Achtkarspelen. It meitsjen fan de ynventaris hat mear as in jier duorre. Meikoarten is dy ek op ynternet te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)