Eask 3 jier foar man mei mes
Tsjin de 40 jierrige man út Sweagerbosk dy't 19 jannewaris by de Van Kleffensskoalle op it Hearrenfean mei in mes swaaide, is trije jier sel en TBS mei betingsten easke.
De man kaam mei syn auto it skoalplein op. Earder hie hy by it wurk fan syn eks frou del west en syn eigen hûs yn de brân stutsen. De plysje wachte him by de de skoalle op en skeat him úteinlik del. Neffens de man sels wie hy hielendal neat slims fan doel tsjin oaren.