"Racesirkwy is beleanning"

Deputearre Adema (foto: Omrop Fryslân)
De CDA-steatefraksje fynt it meinimmen fan strjitracers nei it sirkwy fan Zandvoort beleanen fan min gedrach. Deputearre Adema oppere it plan ferline wike nei in slim ûngelok yn Ljouwert. Der soe in hurdere oanpak komme. In wurkgroep is dwaande alle strjitracers yn Fryslân yn kaart te bringen. Dy krije dan in útnoeging om nei it racesirkwy te kommen om sa de risiko's fan hurdriden te ûnderfinen.
De CDA-steatefraksje fynt dat it plan ek yn 'e Steaten bepraat wurde moat.