Keamerfragen oer Vaatstra

Fred Teeven (VVD) stelt Keamerfragen oer it ûndersyk nei de moard op Marianne Vaatstra. De moard fan 11 jier ferlyn is noch altyd net oplost.
Teeven tinkt dat justysje ynformaasje ferswijt. Hy freget oft it ûndersyk fan it Cold Case Team noch altyd rint en wol ek witte oft in asylsiker mei de namme Feik M. in pear dagen nei de moard oerpleatst is nei in oar azc. Fierders wol er witte oft dy man Marianne Vaatstra in pear wiken foar har dea bedrige hawwe soe.