Snitser bedriget plysje

10 jun 2010 - 10:25

In man út Snits is oppakt foar it bedrigen fan 'e plysje. Dat begûn doe't de plysje it kenteken fan syn auto kontrolearre. De man hie in soad bekeurings noch net betelle en dêrom besleat de plysje syn auto yn beslach te nimmen. Doe't se by de man thús foar de doar kamen, waard de man dûm. Hy drige de plysjes dea te sjitten.

De man is oanhâlden en nei it plysjeburo brocht. Dêr sit er fêst om heard te wurden. Syn auto is ek yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)