Dronken mei ferrûn rydbewiis

10 jun 2010 - 10:18

In 54-jierrige ynwenner fan Surhústerfean moast tongersdeitenacht syn rydbewiis ynleverje. Plysjes seagen dat de man hurd troch in bocht ried op 'e Dellen yn Surhústerfean. Se hâlden de man oan. Ut in blaastest die bliken dat er te folle dronken hie.

Doe't de plysje it rydbewiis fan 'e man ynnaam, waard dúdlik dat it ferrûn wie. It wie ek ûnjildich ferklearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)