Mei holle tsjin foarrút klapt

10 jun 2010 - 10:05

By in botsing yn Fryskepeallen is woansdei in famke fan achttjin jier ferwûne rekke. Se siet by in Oerterper fan njoggentjin jier yn 'e auto. Dy moast ynienen remje en klapte achter op in bus.

It famke hie gjin feiligensriem om en kaam mei de holle tsjin it foarrút. Se is mei ferwûnings oan 'e holle yn in ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)