Fermiste Goeman yn Snits fûn

10 jun 2010 - 09:51

It lichem dat woansdei oan 'e Tsjerkhôfleane yn Snits fûn is, is fan Adriaan Johan Goeman út Drachten. De man waard sûnt 29 maaie fermist. Hy is doe foar it lêst sjoen yn in hoarekasaak yn Drachten. Doe't er net op it wurk kaam en famylje en freonen him thús ek net seagen, is de plysje ynskeakele.

It lichem fan 'e man hat nei alle gedachten in pear dagen yn 'e sleat lein. Problemen mei it hert binne de oarsaak fan it ûngelok, tinkt de plysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)