Jacobi wol pears kabinet

Jacobi is net fernuvere troch útslach
Dat de PvdA krekt ien sit lytser is as de VVD fernuvert Lutz Jacobi net. Jacobi út Wergea sit sûnt fjouwer jier foar de PvdA yn de Twadde Keamer. En ek de kommende perioade sil sy wer plaknimme yn de keamer, want se stie op it 26e plak op de kieslist.
Neffens Jacobi is der by de formaasje eins mar ien mooglikheid: in nij pears kabinet. Dêr sitte de VVD, PvdA, D66 yn en om't dy meiinoar krekt gjin mearderheid hawwe ek noch GrienLinks.