CDA ferliest, PVV wint

It CDA is ek yn Fryslân de grutte ferliezer wurden fan de Twadde Keamerferkiezings. De kristendemokraten giene oeral stevich achterút, op it Amelân bygelyks 15,8%. De PVV is woansdei ek yn Fryslân trochbrutsen. De partij fan Wilders skoart no 14% of mear yn Harns, Lemsterlân en Weststellingwerf.
De PvdA is no de grutste partij fan Fryslân. VVD, D66 en GrienLinks wûnen ek, mar folle minder as de Partij voor de Vrijheid.