Seis Fryske keamerleden

Nij yn 'e keamer: Anne-Wil Lucas fan 'e VVD
Fryslân krijt sa't it no liket seis fertsjintwurdigers yn de nije Twadde keamer. It giet om Lutz Jacobi en Jacques Monasch foar de PvdA, Magda Berndsen foar D66, Anne-Wil Lucas foar de VVD en Joop Atsma en Sander de Rouwe foar it CDA. Monasch, Berndsen en Lucas binne nij yn de Twadde Keamer. Jacobi, Atsma en De Rouwe wiene al in skoft keamerlid.
De VVD en D66 hiene de ôfrûne perioade gjin Frysk keamerlid. It CDA hie der de ôfrûne tiid trije.