De Rouwe dochs yn Keamer

09 jun 2010 - 22:52
  • Sander de Rouwe

It opstappen fan Jan Peter Balkenende as polityk lieder fan it CDA helpt de Boalserter politikus Sander de Rouwe frijwol seker oan in sit yn de Twadde Keamer. It CDA is de grutte ferliezer fan de Twadde Keamerferkiezings fan woansdei. De Rouwe stie op it 22ste plak en soe dêrtroch syn sit yn de Twadde Keamer krekt ferlieze.

Balkenende makke woansdei bekend dat er syn sit yn de Twadde Keamer net ynnimme sil. De Rouwe skoot dêrtroch in plak op en bliuwt Keamerlid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)