René Hooghiemster wint Annen

09 jun 2010 - 21:59
  • René Hooghiemster wint Parel (sportfoto.nl)

René Hooghiemster hat woansdei it kritearium de 'Acht fan Annen' wûn. De hurdfytser fan Drachten seach yn it begjin fan de 80 kilometer dat syn jongere broer Niek út Oentsjerk fuortsprong út it peloton. De sprong nei de koprinner waard dêrnei makke troch de winner, mei Tijmen Eising en Jos Harms.

Yn de finale wie de einsprint fan René Hooghiemster Tijmen Eising te machtich. Harms waard tredde, Niek Hooghiemster fjirde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)