Alle útslaggen by de omrop

De útslaggemodule fan Omrop Fryslân
Lykas by de gemeenteriedsferkiezings bringt Omrop Fryslân ek by de Twadde Keamerferkiezings sa gau mooglik útslaggen fan de 31 Fryske gemeenten. Fanwege it stimmen mei it reade potlead en it hânmjittich tellen wurdt it wol nachtwurk foardat alle útslaggen beskikber binne.
Jo kinne de útslaggen besjen op TT 750-TT 782 en op de útslaggemodule fan ús website. Tongersdei om 7.00 oere is der in Hjoed Ekstra mei útslaggen en reaksjes.