Wer in laksegel ûnder kontrakt

09 jun 2010 - 21:21

Foar syn toanielfoarstelling 'Mooi mis' oer de bou fan de Aldehou hie teatermakker Jan Dirk van Ravesteijn it oarspronklike boukontrakt fan de toer mei dêrûnder in laksegel nedich.

Hy makke in kopy fan it orizjinele kontrakt. Mar it laksegel is fuort en dat jildt ek foar de twa stimpels wêrmei't de ôfdruk yn de lak makke is. Ravesteijn liet dêrom nije stimpels meitsje yn Amsterdam. Woansdei mocht boargemaster Crone fan Ljouwert it segel ûnder it kontrakt drukke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)