Ophâlde mei 'kanker'-flokken

09 jun 2010 - 16:47
  • 'Kanker verziekt je taal"
  • aksje op PJ Montessori

Learlingen fan OSG Piter Jelles Montessori yn Ljouwert binne wurden mei 'kanker' der yn mear as sêd. In soad learlingen brûke it wurd 'kanker' ferkeard en dat kin oaren kwetse. Fiif learlingen fierden dêrom aksje.

Se hawwe in famke op skoalle dy't sels kanker hân hat en fine dêrom dat it wurd net langer ferkeard brûkt wurde mei. De learlingen besochten woansdei 28 klassen om dit dúdlik te meitsjen. Fierder hiene se spesjale t-shirts oan en hongen se posters op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)