Enkête oer boargemaster T'diel

09 jun 2010 - 16:12
  • De ynwenners prate mei oer de opfolging fan Polderman

De ynwenners fan de gemeente Tytsjerksteradiel kinne har winsken foar in nije boargemaster oanjaan. Boargemaster Polderman hâldt der op 1 jannewaris 2011 mei op en yn de kommende moannen sil de sollisitaasjeproseduere starten wurde.

De ynwenners kinne òf fia ynternet òf op papier een enkête ynfolje. De enkête bestiet út fragen oer foarkar foar leeftiid, geslacht en oer hokker feardichheden de nije earste boarger hawwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)