Opkomst Skylge boppe de 100%

09 jun 2010 - 15:36

De gemeente Skylge ferwachtet mei de opkomstsifers foar de lanlike ferkiezings boppe de hûndert prosint út te kommen. Dit hat foaral te krijen mei it grut oantal fakânsjegongers dy't op dit stuit op it eilân binne. Takom wykein giet it Oerol-festival wer los en dêrtroch binne der no in soad minsken dy't op it eilân harren stim útbringe.

Om 2 oere woansdeitemiddei wie it opkomstpersintaazje op Skylge al goed 71 prosint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)