Subsydzje foar Claudy Jongstra

09 jun 2010 - 15:02

De provinsje betellet 10.000 euro mei oan in projekt fan keunstneres Claudy Jongstra fan Spannum. Se is bekend fan har keunst mei filt. Se brûkt derby natuerlike stoffen, dy't se fervet. De grûnstoffen binne net langer te krijen en dêrom wol Jongstra dy sels ferbouwe. By it projekt is ek de Lânbouhegeskoalle Wageningen belutsen.

Fanwege dit bredere doel en it ynnovative karakter wol de provinsje it projekt finansjeel stypje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)