Jild foar Akkrumer brêge

09 jun 2010 - 14:39

Pleatslik Belang Akkrum krijt 17.000 euro subsydzje fan de provinsje foar it opknappen fan de brêge yn it Krompaed. De gemeente Boarnsterhim hat it boppeste stik fan de brêge fuorthelle om't dy drige yn te stoarten.

De gemeente hat lykwols gjin jild om de karakteristike brêge op te knappen. Dat is wol nedich, want oars kinne de boatsjes fan de Akkrumers der net lâns. Derom wolle it doarp de brêge no sels opknappe. Dat kostet 43.000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)